De Haan lit him Foppe Jitse Kooistra en Eildert Stuut Oan 'e earepartij HFC-Hearrenfean op sneon 4 septimber giet de partij fan üs Al foaröf tsjin it heechste jeugdalvetal fan 'e Noarderlingen, dat trije klassen heger spilet as wy. Fansels de Friezen hearre te winnen Kom dat dogge se ek, mei 5-2; lykwols nei in protte tsjinstanfan üs kant yn 'e earste helte Mei de holle omheech giet it pukje fan e HFC-jeugd nei de klaaikeamer, opfleure troch de besieljende klanken fan 'e 'Blauhüster Dakkapel', it altyd trouwe 'dweilorkest' fan itFean. Boppe, foar in iepen finster yn 'e Spoelderromte, stiet in tige aide reünist mei syn earms de mjitte oan te jaan by in klassyk meisjongferske. Efkes letter under omearmet dy éminence grise hertstochtlik de kapelmaster dy't it sjongerige publyk stiif yn 'e pas wit te halden mei help fan in omheechstutsen 'flip-overtje' mei pakkende teksten as "JA, JA, JA" en - op it krekte momint - "STILTE" of "JUICHE"... Abslute hulde foar dit briljante ensemble, dat mei 400 fietsjes yn it foedraal by steat is elts publyk, fan hokker soarte ek, yn 'e besnijing te bringen! Fryslan boppe Blauhüster Dakkapel. FRYSK FOLKSLIET Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brüze en siede, En bünzje troch ós ieren om! Flean op! Wy sjonge it béste lan fan d'ierde. It Fryske lan fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it run Dyn aide eare, o Fryske grün! Klink dan en daverje fier yn it run Dyn aide eare, o Fryske grün! Foarsitter fan It Fean Rietner van der Velde (l) en Foppe de Haan. Foppe de Haan en Hugo Bettink. 162

Krantenviewer Noord-Hollands Archief

Jubileumboeken HFC | 2004 | | pagina 166